Ambassadeur voor ‘Störm’

LEEUWARDEN – Omrop Fryslân bereidt weer een Friese Top 100 voor en met Fries bedoelen ze natuurlijk ook Amelands. Wie wordt ambassadeur van het Amelandstalige nummer Störm van Van Geeft'M?

Lees hieronder wat de Omrop over de Top 100 schrijft:

"Takom wike, yn de hjerstfakânsje, draaie wy it alderbêste út 7 jier Top 100 yn de foarm fan de alderearste Fryske Top 1000!

Ik wol dy graach wize op in pear leuke AKSJES om de Top 1000 hinne.

Wurd ambassadeur fan in ferske út de Top 1000! Hokker plaat moat neffens dy folle heger yn de nije Top 100 fan âldjiersdei komme? 'Plug' dyn favorite nûmer de Top 100 yn: por dyn famylje, freonen en kunde om alfêst in Top 5 yn te stjoeren. Wy folgje dy takom wike op de radio en de bêste ambassadeur (leuke aksjes, leuk resultaat) krijt fan ús in unike cd boks mei alle Fryske Tóóóp-CD's. Adoptearje in Top 1000 hit: mail ús dyn favorite titel en dyn gegevens. Doch it gau, want oan elk lietsje keppelje wy mar ien ambassadeur en dat is de earste dy't him/har oanmeldt. Artysten sels kinne net meidwaan, harren kunde wol. (Mear ynfo klik hjir.)

Der falt hiel wat te winnen! Tóp-cd's, Retro-radio's, badkeamerkonserten fan Fryske artysten lykas de Hûnekop, Gurbe Douwstra, Twarres, Syb van der Ploeg en Raynaud Ritsma en as topper in nagelnije iPad2! Hingje de poster út de Weekkrant Fryslân fan dizze wike efter it rút (of download 'm). Meld dy wol mei dyn gegevens oan fia de mail. (Mear ynfo.)

Ek bisto fan herte wolkom yn de studio! Alle jûnen tusken 18:00 en 20:00 oere is der it Top 1000 muzykkafee. Live muzyk fan Jan Tekstra, Sebeare, Anneke Douma, Douma & Douma, The Feetwarmers, Marcel Smit, Piter Wilkens, Griet Wiersma, Healers en Die Twa. Drankje krijst der fergees by! Meld dy gau oan fia de mail, want: fol is fol! (Mear ynfo.)

En: harkje takom wike fansels nei de Fryske Top 1000! Wy stjoere 'm hielendal út, dei én nacht. De list kinst hjir alfêst besjen. It stimmen foar de nije Top 100 fan âldjiersdei begjint op sneontemiddei 22 oktober, nei de ôfsluting fan de Top 1000."

 

Jeanet de Jong
Jeanet de Jong

Jeanet de Jong stopt op 31 augustus 2023 met haar Persbureau Ameland. De nieuwsvoorziening wordt onder dezelfde naam, met een ander logo en andere opmaak als nieuwsblog voortgezet door een externe partij. De mailadressen gekoppeld aan de website verdwijnen.

Artikelen: 18169

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *